Iepenloftspul Jorwert giet oer
It iepenloftspul fan Jorwert giet woansdeitejûn net troch. Fanwege de minne waarsfoarsizzing hat de organisaasje dat besletten. Der wurdt hurde wyn en rein ferwachte.
De reservejûn foar de foarstelling Bohemia is snein om 20.30 oere yn de notaristún yn Jorwert.
