Problemen troch wiete waar
Organisatoaren fan bûteneveneminten hawwe problemen troch it minne waar. Iepenlofspulfoarstellings wurde skrast en fjilden rinne hast oer fan al it wetter dat fallen is. Troch alle rein is it iepenloftspul yn Jorwert twa kear ôfsein. Tongersdeit liket it wol troch te gean.
Wetterskip Fryslân seit gjin problemen te hawwen. Sy kinne it wetter noch kwyt yn de Waadsee. Mar de boeren krije it gemaak amper fan it lân. It weet hie der al ôf wêze moatten.
